Noflike Mandemiddei yn doarpshûs de Mande

0
126

GYTSJERK – Leafhawwers fan Frânske wyn, Frânske muzyk en Frânsk iten kinne har hert ophelje op de Noflike Mandemiddei op 13 oktober. In koarte fakânsje op in sneintemiddei yn it doarpshûs! Sko oan by it trijegongen menu, priuw de ferskate winen dy’t der binne en harkje nei de Frânske muzyk fan Jean-Pierre Guiran, Cherie de Boer en ús “lokale trekzakgroep”. Sels Edith Piaf lit fan har hearre. In smaaklik en feestlik programma foar Frankryk leafhawwers. It wyn priuwen wurdt fersoarge troch Andreas van den Berg fan wynhûs “Unik” út Ljouwert. It iten wurdt fersoarge en optsjinne troch leden fan “Vrouwen van Nu” en de behearder fan it doarpshûs. De kosten foar dizze unike middei binne 18,50 pp. It begjint om 16.00 oere mei in aperityf. Jo kinne je opjaan by Ineke Kalteren tel. 431897 of email inekal@chello.nl (doch dit wol foar 9 oktober) .