Speciaal gedicht voor nieuwe inwoners Achtkarspelen

0
132
Welkomstontbijt Doarpsdichter Ate Grijpstra

ACHTKARSPELEN – Zo’n vijftig nieuwe inwoners van Achtkarspelen waren afgelopen zaterdag aanwezig bij een ontbijt van de gemeente. De gemeente bood alle nieuwe inwoners die sinds 2011 in Achtkarspelen wonen, een ontbijt aan. Samen met het college en enkele raadsleden en werd er kennisgemaakt en gegeten van een goed verzorgd ontbijt in het tuincafé van De Kruidhof. Tijdens het ontbijt heette burgemeester Gerbrandy de belangstellenden een hartelijk welkom en vertelde hij het een en ander over het reilen en zeilen van de gemeente. Doarpsdichter Ate Grypstra deed ook, samen met zijn vrouw, een passende bijdrage. Hij droeg een aantal gedichten en liedjes voor, waaronder het speciaal voor dit ontbijt geschreven gedicht:

Kom nei de Wâlden

Kom nei de Wâlden

Sei master Sytstra

Jo witte wol, de dichter fan

Smûk Skaadzjend Beamtegrien

Yn de Wâlden moatst wêze

Sei master Sytstra

Benammen yn de maaimoanne

Trefst hjir dan in pronkseal oan

Ja, kom nei de Wâlden

Wannear’t de sinne skitteret

Wannear’t alles iepenbarst

Wannear’t de elzesingels jubelje

En de rook fan krekt meand gers

Jin de holle dwyl makket

Mar okkerdeis ried ik

Fan Bûtenpost

Troch Stynsgea

Bouwekleaster foarby

Nei Droegeham

En fierder, al mar fierder

En de rein bûke my tsjin de kop

En de wolkens jagen troch de loft

En de tûken waarden fan de beammen ropt

Nee, master Sytstra, haw ik doe tocht

Moatst hjir wêze wannear’t it hjerst is

Wannear’t de pronkseal oan barrels blaasd wurdt

Atst werklik in keardel of in frommes bist

Kom dán nei de Wâlden!

Ate Grypstra