Taalbeliedspriis 2013 foar gemeente Achtkarspelen

0
158
Buitenpost - taalbeliedspriis

ACHTKARSPELEN – Mei it idee foar in Frysktalige skriuwwedstriid ynspirearre op folksferhalen hat de gemeente Achtkarspelen fan ’t jier de taalbeliedspriis wûn. De priis bestiet út in jildbedrach fan € 2.500 bestimd foar it útfieren fan it plan. Tongersdei 19 desimber is de sjek troch deputearre Jannewietske de Vries oerlange oan boargemaster Gerben Gerbrandy, loko-boargemaster Jan Lammers en beliedsamtner Durkje Verbeek. Neffens de sjuery fertsjinnet de gemeente Achtkarspelen de priis, omdat it plan goed útwurke en hiel konkreet is. It draacht by oan it mûnling en skriftlik brûken fan it Frysk, mar ek oan it Frysk kultureel erfguod, om’t der in soad (Frysktalige) ferhalen binne yn Fryslân. Der kin in brede doelgroep oansprutsen wurde, troch ynearsten it skriuwen en sammeljen fan de ferhalen en dêrnei it útsetten fan dy ferhalen nei it publyk. Fierders hat de skriuwwedstriid yn 2014 in heech aktualiteitsgehalte, om’t it dan hûndert jier lyn is dat Dam Jaarsma berne is. It projekt kin ek troch oare gemeenten oernommen en ymplemintearre wurde en it kin in goede ynspiraasje wêze foar oare gemeenten. De taalbeliedspriis is in inisjatyf fan Gemeenten&Frysk fan de Afûk en wurdt foar de fjirde kear útrikt. It doel fan de priis is om gemeenten te stimulearjen om aktyf en praktysk stâl te jaan oan harren (mooglik takomstich) taalbelied. De sjuery bestie út Nel Haarsma, wethâlder fan de gemeente It Bilt en winner fan de lêste taalbeliedspriis, Harmen Akerboom, beliedsmeiwurker taal by de provinsje Fryslân en Frits Mostert, parsefoarljochter en kommunikaasje-adviseur by Medisch Centrum Leeuwarden.

 

LAAT EEN REACTIE ACHTER

Please enter your comment!
Please enter your name here