Deiboek Gerben Gerbrandy,

|
| Foto: |
geen categorie

Moandei 14 jan.

Dei fan ynstallaasje troch kommissaris Jorritsma. Lekker sliept en ûntspannen de dei belibje wolle. Krekt as 30 jier lyn ús troudei. It is dochs in hichtepunt yn ús libben.

Prachtige toer troch de gemeente, waarm ûnthaal by de minsken, mei as hichtepunt de útspraak fan frou Ytsma in Haarsmahiem: “Ik tocht der komt in menear, mar jo binne in Fries”. Jûns de beëdiging mei moaie taspraken fan de kommissaris, loko-boargemaster Lammers en loko-foarsitter fan de ried frou Krol.

De oandacht dy’t ik frege yn myn taspraak oer de wurkgelegenheid yn de bou is breed oppakt.

Lit ús hoopje dat de provinsje boarch stean wol foar de korporaasjes, dat soe goed foar de hiele bousektor wêze.

Tiisdei 15 jan.

Nei in tige koarte nacht, myn earste B&W gearkomste. Wy wiene om 10.30 klear. Om 11oere moeting mei it hiele personiel. Ik krige as presint de film ”As it is in heaven” Dat is eins myn favoryt fan de lêste jierren en ik tocht dat it tafal wie dat ik dy krige. Ik begûn dy film oan te priizjen oan de meiwurkers, blykt dizze film by elk bekind te wêzen en mei de strategy fan ús organisaasje te ferbyldzjen. De hiele dei bannich mei ôfspraken. Geweldich om te sjen hoefolle grutte projekten yn útfiering binne yn Achtkarspelen.

Woansdei 16 jan.

Alle moarnen trije kertier riden om fan Gau yn Bûtenpost te kommen. Ek wol noflik wat troch Omrop Fryslân binne je wer hielendal by. Earst oerlis mei myn treflike sekretaresse Christa.

Dy hat wat mei my. Nei ien dei wie ik myn elektroanyske doarkaai al kwyt. Hja mijt my net! Krijst in oaren mar wol betelje! Boppedat wurd ik yn heech tempo de foar my nije elektroanyske wrâld ynwijd. Alle stikken binne digitaal. In goede saak, mar it moat wol winne.

Middeis nei de Ried fan Tafersjoch fan Tourist Info Fryslân. Noch net folle lêze kinne, dat moat jûns mar.

Tongerdei 17 jan.

6.30 der ôf. Betiid oerlis trijehoeksoerlis OM, Plysje en NOgemeenten yn Damwâld. Dy’t it fierst wei komme binne earst! Kennismeitsje mei Plysje, Brânwacht en OMminsken.

Hast de hiele wike mei allegearre minsken kennismakkingspetearen en in soad kofje..

Noch eefkes op’e iisbaan yn Bûtenpost sjoen, wat in folk en wat in moaie baan mei ideaal iis, spitich dat’k de redens net by my ha. Elektroanyskekaai wer fûn! Jûns wat âlde kranten lêzen en foar tolven op’e kooi.

Freed 18 jan.

Wy begjinne mei les op’e iPad en iPhone. Ik moat earlik sizze dat sok ark ek wol wer maklik is. Ha myn earste tweets ek makke, no al mear as 200 folgers. Jo moatte yn dy wrâld gjin achterfolgingseangst hawwe, begryp ik. De stikken foar B&W fan takom tiisdei trochnommen. Alle mails ôfwurke, Kennismakings petearen. Tuskentroch in hearlike lunch út ús kantine helle. Wat in fantastyske service: farsk,sûn en lekker! 16.30 nei hûs te let om noch op’e Aldfeart by ús te riden, mar wol tige foldien de earste wike ôfsluten.

It wie drok, mar mei sokke minsken en sa’n sfear krije jo enerzjy.

Efkes lins, om nije wike wer mei faasje troch te setten.

|

UIT DE KRANT

Lees ook