Inez Timmer komt yn Bûtenpost

|
| Foto: |
geen categorie

BÛTENPOST - De Fryske sjongeres Inez Timmer bringt in kabaratesk lietsjesprogram, folslein yn it Frysk, fol mei sketskes, ferhalen en grappen. Wêrom yn it Frysk? Inez, hja wennet al in skoft yn Dútslân, hat langstme nei it Fryske lânskip en de moaie Fryske taal. Har nijste CD “Inez”, opnaam tegearre mei Peter van der Zwaag, is de basis fan har optreden. Mar se fertelt ek oer in karriêrefrou, har burnout, fiagra en de wiere man. Ek leit se út wat it ferskil is tusken Dútsers en Friezen en se sjongt inkelde wrâldsongs. Inez wie yn it ferline sjongeres by de folkgroep Irolt en die har jazzoplieding oan it konservatoarium fan Hilversum. Yn 1992 waard hja oannommen by Joop van der Ende om in rol te spyljen yn de musical Cyrano. Dit brocht har nei de grutte Dútske en Eastenrykske poadia. Inez komt op sneintemiddei 10 novimber nei Túnkafé De Kruidhof. Foarferkeap by Bloemtique €8,50, en oan de seal €9,50. Skylje foar ynfo: 0511-541444.

|

UIT DE KRANT

Lees ook