Jounswille mei ienakters op’e planken

Nieuws

Stynsgea – Toanielselskip Jounswille fan Stynsgea set harren toaniel seizoen útein mei twa ienakters. Regisseuse Jellie Geerdink is de útdaging wer oan gong, om mei in groep opteine spylers dizze ienakters yn te studearjen, mei as doel it publyk in noflike jûn te besoargjen, en dat sil seker slagje! De earste ienakter die foar it ljocht brocht wurd is “De Frijloop” fan Bouke Oldenhof. Twa memmen en in heit is it âlder-wêzen tefolle wurden. Se sykje taflecht yn it oanrinhûs foar âlden: “De Frijloop”. Under lieding fan in krekt oannommen terapeute besykje se ta rêst te kommen. Linkendewei wurde se sels like puberaal as dat har bern thús wiene. De terapeute hat der de hannen fol oan. Alderhûs “De Frijloop” is in humoristysk en werkenber stik. De twadde ienakter is “Skytmerakels”, tafallich, ek fan Bouke Oldenhof. Dit stik lit in petear ûnder iten sjen tusken man en frou. Sawat alle foaroardielen en foarmen fan diskriminaasje dy’t der besteane komme op it aljemint. Derby sjoche sy wol nei de splinter yn in oar syn each, mar de balke yn hun eigen each sjoche sy net. Dit stik hat wol wat fan de serie “All in the family” fan eartiids, de wat aldere generaasje kin him dizze serie fêst noch wol foar de geast helje. Der wurd spyle op freedtejûn 17 en sneontejûn 18 jannewaris, yn Kafee Stynsgea. Beide jûnen wurdt ‘r útein set om 20.00 oere. De kaartferkeap is fan woansdei 8 jannewaris of by fam. Gjaltema, Boskkamp 49 yn Stynsgea. Tillf. 0512- 352192 (middeis fan 16.00 oere of).

UIT DE KRANT