Kritetoaniel Bûtenpost spilet “De grutte fersierder”

|
| Foto: |
voorpagina friesland

BÛTENPOST - Op de sneonen 23 en 30 novimber bringt it Bûtenposter kritetoaniel “De grutte fersierder”, skreaun troch Phillip King en Falkland L. Cay, “The big bad mouse”, en yn it Frysk oerset troch Roel Klompmakker, oer it fuotljocht yn sealesintrum The Point. Beide jûnen sette útein om 20.00 oere, de seal is iepen fan 19.00 oere ôf. It stik wurdt spile troch Henk Overdijk, Rommy Woudstra, Geert Hoogsteen, Sanne Douwes, Anneke Nieuwenhuis, Amarens de Vries en Henk Roskammer. De rezjy is yn hannen fan Lodewyk Riedhorst. Op in duf kantoar, dêr’t elkenien him hâldt en draacht neffens syn funksje en dêr’t elk ek noch ris neirûn wurdt troch de iennichste oandielhâldster, is Brons dyjinge dêr’t it meast op delsjoen wurdt. Der sit gjin libben yn ‘e man. Dan komt Djoeke, muoikesizzer fan ien fan de kantoarfroulju, oerstjoer troch de doar mei it ferhaal dat se op ‘e Lekkumermient neisitten en hast oantaast wurden is troch in manspersoan. Oan har beskriuwing foldocht krèkt Brons. Brons wurdt dan troch elkenien fertocht en skoudere. As it dan persoanielsfeest is moat hy allinne boppe sitte om de balonnen op te blazen. Mar dan docht bliken dat de froulju Brons ynienen hiel ynteressant begjinne te finen. Kaartferkeap: Bloemtique Bûtenpost. Ynfo:0511 543309 / 0511 542269.

|

UIT DE KRANT

Lees ook