Kritetoaniel Bûtenpost spilet ‘In nuver stel’

Afbeelding
voorpagina friesland

BÛTENPOST - Op de sneontejûnen 22 en 29 novimber 2014, jûns 20.00 oere, spilet It Kritetoaniel “In nuver stel – de manljusferzje” fan Neil Simon yn in Fryske oersetting fan Tryntsje van der Zee. Spilers binne: Anneke Nieuwenhuis, Rommie Woudstra, Arnold Jan Ruisch, Dictus Benedictus, Iebe Bouma, Keimpe de Vries, Klaas Jansma en Andries Hovinga. Rezjy:Jelmar Hoekstra. Oscar Madison is sûnt frou en bern by him weigien binne, allinne wenjen bleaun yn it lûks appartemint fan in flat yn New York. Alle freedtejûnen komt in ploechje maten by him te pokerjen. Nei’t ien fan de freonen, Felix Ungar, ek by de frou weirekket, is Oscar daliks ree dy by him yn ‘e hûs te nimmen. Syn flat mei acht keamers is grut genôch, net wier? En alle freonen binne it der oer iens dat Felix better net allinne litten wurde kin. Hy soe him sels ris wat oandwaan kinne. Mar, Oscar en Felix lykje likefolle op elkoar as nacht en dei. Dat giet dus folslein mis. Ek al mei om’t yn it selde flatgebou twa Ingelske susters wenje, moaie froulju, dêr’t Oscar wol wat mei op hat.
Wa rint no wa foar de fuotten? In prachtich plot foar in noflik jûntsje toaniel. Plak: Sealesintrum The Point Bûtenpost. Ynfo: 0511 543309 / fryskekritebutenpost@hotmail.nl Foto: Ernst Jaap de Haan.

UIT DE KRANT

Lees ook