Twa duo’s spylje yn Bûtenpost

|
| Foto: |
geen categorie

Bûtenpost - Pieter en Jens binne noch net sa lang lyn útein set om tegearre muzyk te meitsjen. Pieter spilet al in moai skoft en hat in soad optredens mei ferskate minsken dien, ûnderoare mei Iris Kroes. Jens is foar de twadde kear fereale rekke op syn banjo, hy waard ynspirearre troch Mumford & Sons. Tegearre sjonge beide mannen der op los en belibje in soad wille oan harren optredens lykas harren publyk dat ek docht. Michiel & Sytske foarmje in muzikaal duo út de hoeke fan Eastermar en Rottevalle. Fan de legere skoalle ôf hawwe beide muzikanten tegearre muzyk makke. Sytske is ergotherapeut en Michiel stiet foar de klasse yn Bûtenpost. Mei twa akoestyske gitaren en in lege en in hege stim sjonge sy no al in skoftsje op ferskate plakken yn en bûten Fryslân. Tegearre sjonge sy it leafst Fryske folksmuzyk fan bekende en ûnbekende troubadours. Njonken de Fryske taal wurdt der ek yn it Ingelsk en it Hollânsk songen. Fariearre muzykstilen ferpakt mei in smûk praatsje of in grapke binne tekenjend foar dit jonge duo. Dit allegearre sneintemiddei 27 oktober yn Kafee The Point yn Bûtenpost. Oanfang 15.30 oere. Foarferkeap is yn Bloemtique Tsjerkestrjitte € 5,50, kaarten oan de seal binne € 6,50.

|

UIT DE KRANT