De Fjouwer Troubadoers yn The Point

|
| Foto: |
geen categorie

BÛTENPOST - It is gjin reuny, gjin come-back en alhiel gjin ôfskiedstoernee, nee de Fjouwer Trûbadoers binne gewoan wer mei-elkoar by’t paad. Wêrom? Om’t sy maten foar it libben binne en it meitsjen fan muzyk, it betinken fan nije lietsjes én de optredens gewoan te moai en ynspirearjend binne om it net te dwaan. Sadwaande ha Piter Wilkens, Jaap Louwes, Gurbe Douwstra en Doede Veerman de koppen wer byinoar stutsen, de ynstruminten der wer by pakt en in folslein nij program mei in soad nije lieten betocht. Ferskes oer it libben en hoe frjemd at it sa út en troch rinne kin, lieten oer ‘wâldpiken’ en ‘klaaiklúten’ en oare bysûndere bewenners fan ús planeet. It optreden fan de fjouwer wurdt oanfolle mei lieten út harren eardere programma’s. Boppedat sit in middei mei it kwartet mannen fol mei bysûndere ferrassingen. It optreden sil plak fyne op sneintemiddei 9 febrewaris om 15.30 oere yn sealesintrum The Point yn Bûtenpost. Foarferkeap by Bloemtique €12,50, oan de seal €13,50. Skylje foar ynfo: 0511-541444.

|

UIT DE KRANT