Nije toanielstifting Krisistoaniel spilet ‘Praatsjes’

Nieuws

DOKKUM - Op 1, 7 en 8 novimber spilet de nije toanielstichting ‘Krisistoaniel’ de klucht ‘Praatsjes’(Rumours) fan Neil Simon (oersetting Gurbe Dijkstra) yn it Sense theater yn Dokkum. De ploech bestiet út in tal âld-spilers en meiwurkers fan it Iepenloftspul De Oerfal en sy dogge oan dizze produksje allegear pro-deo mei, om op dizze wize it Krisistoaniel fan de grûn te krijen. It stik wurdt regisearre troch Oerfal-regisseur Tineke Broers fan Burgum. Dick Jansen en Jaap Groen ûntwerpe it dekor en de lêste soarget ek foar de bou- en -begelieding. De hiele ploech bout mei.  Outfit Toneelkleding soarget foar de kostúms, Anna Doornbos en Doety Smit dogge de grime en it hierwurk. Marcin Rachula makket de musyk. De webside www.krisistoaniel.nl is makke troch Dick Jansen en hy fersoarget tegearre mei Greetje Klaren de PR. Spilers binne: Amarens de Vries , Andre de Zee, Andre Beeksma, Frouke Holtrop, Greetje Klaren, Hinke Leistra, Lourens de Zee, Remco de Poel en Wybe Kuipers. Nei it grutte súkses fan “de Oerfal” yn de âlde Ljouwerter finzenis “de Blokhuispoort”, ûntstie it idee om mei in oantal spilers ris wat oars te dwaan. Nei it lêzen fan it stik “Praatsjes”, wie it gau beslikke: In moai kluchtich stik, mei prachtige dialogen. 
Der wie lykwols in grut probleem: der wie neat. Der wie krisis. Mar troch geweldige reaksjes fan alle minsken dy’t benadere binne, kin it Krisitoaniel no los. Sense Dokkum stelt repetysjeromte beskikber en de útfierings fine dêr fansels ek plak. Ek de kaartferkeap rint fia Sense Theater.

UIT DE KRANT

Lees ook