Nijjiersrevu Koatstertille spilet ‘NIJ’

Nieuws

KOATSTERTILLE - Foar de achtjinde kear komt de Revuploech Koatstertille dit jier mei har Nijjiersrevu. Fan ein augustus ôf binne spilers en rezjy dwaande mei de tariedings foar de revu, dy ‘t as titel “NIJ !” krigen hat. In soad dingen binne nij: in nij Tillehûs, in nij jier fansels, de partisipaasje maatskippij, in nij kolleezje, nije minsken foar technyk en muzyk, nije spilers esfh. Yn de revu fan dit jier komme ferskate situaasjes op dit mêd oan de oarder. De útfierings binne dit kear op tiisdei 30 desimber (de “50+-jûn”) en op 2, 3, 9 en 10 jannewaris yn it Tillehûs yn Koatstertille. It begjint alle jûnen om 8 oere, de beide sneontejûnen is der nei ôfrin live muzyk. De foarferkeap fan kaarten is op tiisdei 2 en tongersdei 4 desimber fan 19.00 oant 20.30 oere, ek yn it Tillehûs. De kaartsjes foar de 30-ste desimber kostje € 10 yn de foarferkeap, € 12,50 oan de seal. Foar de oare jûnen binne de prizen € 12,50 yn de foarferkeap en € 15 oan de seal.

UIT DE KRANT