Konsert Gerrit Breteler yn Bûtenpost

0
150
BuitenpostGerrit Breteler

BÛTENPOST – Gerrit Breteler (1954) is yn Fryslân in folslein unyk keunstner. As skilder en toanielskriuwer, mar ek as sjonger en muzikant roeiket er ivich en erflik tsjin de kliber fan harsels neamende keunstkenners yn, en it moaie is, hy docht dat mei grut súkses by it publyk. Nei de cd Lit ús dêrom drinke út 2004, leit der no einlings de opfolger. Katarsis is neamd nei it toanielstik mei deselde namme. Wat syn tema’s oanbelanget, is Gerrit bleaun dy’t er wie; sawol in mankelyk sjonger fan in ‘lost paradise’ as in skerpe kritikaster dy’t syn stellingen graach oan de poarte fan polityk en bestjoerders spikeret. It moderne boerelibben, dat gjin romte mear jout oan werklike belutsenens by al wat libbet en bestiet, is him in flok. De moderne minske, dy’t it tinken oer it hegere ferballe hat en mient dat er it allinnich wol ôf kin, likegoed. Resitearjend, sykjend, útheljend, bytiden ‘over the top’ en dan wer flústerjend jout er op Katarsis mei syn eigen farianten fan blues en chanson en drink- en folksliet syn kommentaar op tiid en Tiid. Tegearre mei begeliedster Clara Rullman bringt Gerrit grif in soad Katarsis, mar ek de bysûndere nûmers fan Lit ús dêrom drinke sille fêst op de wurklist stean. It konsert sil barre op sneintemiddei 24 maart om 16.00 oere yn Sealesintrum The Point yn Bûtenpost. Kaarten binne yn de Foarferkeap te heljen by Hedera Bloemen foar €9,00. Oan de seal binne de kaarten €10,00. Foar mear ynformaasje: 0511 541444