Fryske Krite spilet ‘Lekker Koese’

|
| Foto: |
geen categorie

BÛTENPOST - Fryske Krite Bûtenpost spilet op sneintemiddei  9 maart, 15.30 oere, yn The Point  it stik  ”Lekker Koese”. In blijspul mei de nedige relaasjetûkelteammen yn fiif tafrielen fan Dimitri Frenkel Frank, “In de holte van je arm”, yn in Fryske oersetting fan  Bienze Westra. Otto, in yntellektueel fan kwizekwânsje, is by syn frou weigien en hat in flatsje hierd. It duorret net lang of hy kriget besite fan buorman Freark dy’t ek wol fan’t wiif ôf wol, mar net rjocht wit hoe’t er dat ha sil. Otto jout ried en Freark syn matras bedarret njonken dy fan  Otto.  Ankeline, Otto syn frou, besiket oer de telefoan kontakt mei Otto te krijen. Omdat dit net slagget komt hja sels del om de sitewaasje ris te ferkennen. Tet, Freark, syn wiif komt dan ek noch oanwaaien en makket it kwartet kompleet. It liket op partnerruil út te draaien. De kaartferkeap is by Bloemtique yn Bûtenpost. Mail foar mear ynfo: fryskekritebutenpost@hotmail.com. De foto is makke troch Ernst Jaap de Haan.

|

UIT DE KRANT