Frysktalige skriuwwedstriid folksferhalen yn Achtkarspelen

Nieuws

ACHTKARSPELEN - De gemeente Achtkarspelen skriuwt in Frysktalige skriuwwedstriid út ynspirearre op de folksferhalen. Dit is ien fan de aktiviteiten út de ‘Nota Frysk taalbelied’ dy’t de gemeenteried it ôfrûne jier fêststeld hat. Hjirneist is it dit jier 100 jier lyn dat Dam Jaarsma (1914-1991) út Eastermar berne is. Jaarsma hat begjin jierren sechtich in hiel soad folksferhalen sammele, ek yn de gemeente Achtkarspelen. In moaie oanlieding om de ferhalewedstriid yn 2014 út te skriuwen. Ynwenners út Achtkarspelen kinne oant en mei 31 maaie 2014 harren Frysktalich ferhaal by de gemeente ynleverje. De skriuwer hat it ferhaal heard fan in ynwenner út Achtkarspelen, bygelyks heit, mem, pake, beppe, bern, bernsbern, buorman of freon. It ferhaal is sa moai, raar of bysûnder dat de skriuwer it trochjaan wol. Alle spulregels fan de skriuwwedstriid binne te finen op www.achtkarspelen.nl/skriuwwedstriid. De sjuery, dy’t de ferhalen beoardielt, bestiet út Jurjen van der Kooi út Bûtenpost, kenner fan folksferhalen, Douwe Kootstra út Feanwâlden, ferhaleferteller en Gerda van der Wijk út Feanwâlden, meiwurker by de Afûk. De skriuwer fan it aldermoaiste ferhaal wint in skilderij fan Noël Hariri (www.artnoel.nl), âld-ynwenner fan Surhústerfean.
De moaiste ferhalen bondelje wy yn in boekje en elts ferhaal krijt in yllustraasje fan Noël Hariri. Yn juny krije alle ynstjoerders berjocht. Op in jûn yn oktober meitsje wy de winner fan it moaiste ferhaal bekend, presintearje wy de ferhalebondel en meie alle winners harren ferhaal foarlêze.

UIT DE KRANT

Lees ook