GEDOBR mei Echte Keardels yn Bûtenpost

Afbeelding
voorpagina friesland

BÛTENPOST - Geert Hager, Douwe Wobbes en Brugt Vries, koartsein GeDoBr. Trije mannen út de Wâlden. Hja kinne elkoar fan de nijjiersrevu fan Koatstertille. Al jierren binne se te finen yn de Fryske Top 100 mei “It buske fan de baas”. Se bringe in lietsjesprogramma oer frjemde keardels, sêfte keardels, keihurde keardels, grutte keardels, lytse keardels, seksy keardels, Fryske keardels, moderne keardels, dikke keardels, grize keardels, bêste keardels, trije keardels, mar foaral “Echte Keardels”.
Dit allegearre op sneintemiddei 26 oktober yn it Túnkafee fan de “Krûdhof” yn Bûtenpost. Oanfang 15.30 oere. Kaartferkeap: Kado en Dropshop Liquorice, Kerkstraat 72, Bûtenpost of op middeis oan de seal. Sjoch ek op www.maskelynbuitenpost.nl Ynfo: 0511 541444

UIT DE KRANT

Lees ook