Wat witte jo fan Dam Jaarsma?

Nieuws

EASTERMAR - 29 july 1914 is de bertedei fan Dam Jaarsma út Eastermar. De aktiviteit ‘Wat witte jo fan Dam Jaarsma’ wurdt op ‘e kop ôf 100 jier letter organisearre: 29 july 2014. Jo kinne jo opjaan foar in gesellige middei dêr ’t, ûnder it genot fan in kopke kofje as tee en wat lekkers der op ta, meiïnoar praat wurdt oer it wurk en de tiid fan samler, skriuwer en helppreker Dam Jaarsma út Eastermar.
Jo lústerje leaver? Dan binne jo likegoed fan herte wolkom! Hoe sit it mei dy moaie teltsjes en mearkes út de Wâlden? En de ferhalen oer wûnderdokters? Pieter Poes? Aparte grappen en Adam Hurdrider? Hawwe jo wol fan mollefanger
Anders Bijma út Boelensloane heard of Geeske Kobus van der Zee út Nijegea, dy’t safolle ferhalen oan Jaarsma fertelden? Kinne jo miskien fertellers út jo omjouwing? Ûnder de grif besieljende lieding fan keunstskilder Gosse Koopmans, dy ’t no mei syn frou yn it Dam Jaarsmahûs wennet, wurde der moaie herinneringen ophelle sadat it foar elk in noflike middei wurdt!
Hawwe jo noch âlderwetske foarwerpen, sa as bygelyks in kofjemole, zand-, zeep- en sodasteltsje, in sjippeklopper of datsoarte fan saken, dan is it hiel aardich dat jo dy meinimme. Kin der moai oer praat wurde! De middei begjint om 15.00 oere, de tagong is fergees. Plak: De Hege Stins, Torenlaan 12-14, Eastermar (frenijde PKN Tsjerke). Yformaasje by Iris Rusz, foarsitte Stichting 100 jier Dam Jaarsma 0624789009.

UIT DE KRANT

Lees ook