Iepen audysjes foar iepenloftspul Harkema

Nieuws

HARKEMA - De Stichting Iepenloftspul Harkema sil yn septimber 2015 it stik ‘Dûnsjende wiis’ oer it fuotljocht bringe. It stik is in frije bewurking fan it ferhaal en de musyk út de film Dirty Dancing, mar sil troch regisseur Tineke Broers bewurke wurde ta in Frysk fiel-goed ferhaal, fansels mei dûns en (live)musyk. De foarstellings sille wer plakfine op it Temapark De Spitkeet op ‘e Harkema. Yn novimber fan dit jier sille der iepen audysjes halden wurde.

UIT DE KRANT